Liet Ynternasjonaal fan 24 desimber 2012

  • Lleuwen Steffan, winner Liet Ynternasjonaal 2012. foto Sandro Weltin

Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderhiedstalen bestiet 10 jier. Nei de start yn Fryslân reizget dit festival no troch Europa en liket elts jier oan kwaliteit te winnen.
Gijón, de grutste stêd yn Astûrje yn Spanje wie dit jier gasthear. Alve groepen joegen dêr op 1 desimber acte de présence. Yldau, de band rûn sjongeressen Yldau Bijlsma en Yldau Hoekstra ferstjinwurdige Fryslân. Se einigen úteinlik op it sânde plak.
Grutte winner wie Lleuwen Steffan, de sjongeres út Bretagne. Se komt út Noard Wales en is dus beide Keltyske talen machtich.
De publykspriis wie foar de Asturiana Mining Company, dy spile foar eigen publyk. In nije taal dit jier wie it Urdmurtysk, in lytste taal út it gebiet fan de Russyske Oeral.
De oanwêzigens fan in aksjegroep yn de seal dy't oandacht freget foar de posysje fan it Astûrysk wiist derop, dat it sjongen yn minderheidstalen ek in polityk-maatskiplik kwestje is. It fuortbestean fan al dy talen is ûnwis en dêr wol it festival net direkt, mar miskyn wol yndirekt in rôl yn spylje. (foto: Lleuwen Steffan)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)