Lekker ite mei Reitse fan 8 septimber 2012

  • Lekker Ite mei Reitse

Klik hjir foar it resept

TV-kok Reitse ferrast Friezen mei syn kulinêre keunsten

TV-kok Reitse ferrast yn in nije rige fan ‘t programma Lekker ite mei Reitse fan Omrop Fryslân Televyzje, Friezen dy’t wat bysûnders dien ha. Acht wiken lang reizget hy troch de provinsje op syk nei regionale yngrediïnten om eltse wike op sneontejûn de hearlikste gerjochten te meitsjen.

Yn de earste ôflevering krijt Reitse help fan twa famkes fan tolve jier: Ylva en Iza Marrit. De twa klasgenoatsjes helpe Reitse by it meitsjen fan in miel foar harren master Michiel en juf Hennie. Sy wolle op dizze wyze tank sizze foar de lessen dy’t se it ôfrûne jier hân ha fan de twa. Yn dizze lessen stie ‘sûn ite’ sintraal. Dit past Reitse as in jas fansels.

Mei de famkes makket Reitse mei farske krûden út de botanyske tún fan Bûtenpost in pittich miel foar Michiel en Hennie klear. ‘Sa kinne wy ris wat werom dwaan foar alles wat sy foar ús dien ha’, sizze de famkes.

Op it menu: Sop ûnder in knapperich laachje, gegrilde bargelende mei krûden en huning, krûdebûter en tomatechutney

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)