Lekker ite mei Reitse fan 7 april 2012

Pake Anne (84) en beppe Trijntje (83) wienen 5 septimber 60 jier troud. Evelien Leen fûn dit in 'unieke mijlpaal' en reden genôch om harren mei in lekker miel fan Reitse te ferrassen. Pake en beppe hawwe fjouwer bern, njoggen bernsbern en twa efterbernsbern. Se hawwe tegearre tweintich jier in winkel/kafee yn Jellum hân, ‘Jonker Sikke’. Se wenje no yn in oanleunwenning yn Grou, mar binne noch tige warber. Se komme op alle jierdeis en pake oefenet op syn Nintendo en beppe fytst de wrâld noch út op har elektryske fyts. Se ite it leafst gewoane Hollânske pot, mar der komt ek wolris Sineesk iten op tafel. Elkenien kin by har oanskowe foar it iten. No kinne se by Reitse oanskowe, mar der is foar dizze gelegenheid unyk ferfier regele. Reitse en Evelien ha der foar soarge dat pake en beppe yn in skitterende Rolls Roys ophelle wurde. Mar Evelien moat de hannen earst út de mouwen stekke yn Ingwierrum om Wâldgieltsjes út de grûn te heljen foar lekkere ierappelslaad.

Dit programma is earder útstjoerd op 8 oktober 2011

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)