Lekker ite mei Reitse fan 6 oktober 2012

Klik hjir foar it resept

Reitse sil yn de ôflevering fan hjoed wer in hearlik miel klearmeitjse foar in bysûndere gast. Tegearre mei Hilda sil er yn sân hasten nei it MCL.

Mei loeiende sirenes sille sy nei Ljouwert om Romke te ferrassen. Romke hat in drege tiid achter de rêch mei ûnder oaren de soarch foar syn mem. Derneist fynt Hilda Romke in geweldige kollega en dêrom wol sy him graach ferrasse mei in ôfgryslik lekker miel. Reitse sil foar Romke ‘Koudumer beantjes’ klearmeitsje.

Mar Reitse hat noch in ferrassing yn petto foar beide gasten. Neist al it lekkere iten hat hy ek in muzikale ferrassing klear stean foar Romke en Hilda. In bekende sjongeres komt del om foar beiden te spyljen. Wolle jo witte wa't dat is?

Dan moatte jo sjen nei in nije ôflevering fan Lekker ite mei Reitse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)