Lekker ite mei Reitse fan 29 septimber 2012

Klik hjir foar it resept

Reitse sil yn de fjirde ôflevering fan ‘Lekker ite mei Reitse’ itensiede mei José. Hy wol syn broer Edison graach ferrasse mei in goed miel.

Neffens José yt syn broer altyd min en soe hy noch wol wat leare kinne fan Reitse. Edison hat it drok mei syn wurk as boer en hâldt mear fan de 'snelle hap'. Dat kin eins net fynt José. Beide broers komme út Kolombia en binne op jonge leeftyd mei noch in broer en sus adoptearre. Se fiele harren yn it earste plak Frysk en binne troch heit en mem ek sa grutbrocht.

Reitse sil mei José allegear lytse hapkes klearmeitsje dy't mei tsiis te krijen ha. Se helje de tsiis by in tsiisbuorkerij yn Aldebekeap. ‘Ik hoopje dat Edison tenei wat better yt en miskien sels ris in hearlik miel klearmeitsje sil’, fertelt Edison.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)