Lekker ite mei Reitse fan 27 oktober 2012

Klik hjir foar it resept

Yn de lêste ôflevering fan Lekker ite mei Reitse sil de Fryske sjefkok nei Snits. Yn Snits krijt Gerd al hast 20 jier dûnsles fan Jolanda. Hy is tige wiis mei har en wol har graach tanksizze foar de ôfrune jierren. Mei tank oan Jolanda hat hy syn partner kennen leard. Jolanda seach wol wat yn dy twa en makke der dêrom in dûnskeppel fan.

Gerd sil tegearre mei Reitse in hearlik miel foar Jolanda klearmeitje. Se sille by Bakker Kluft yn Makkum del foar spesjale bôle. Dy makket bôle van soerdaai. Dizze bôle ferwurket Reitse wer yn syn Fryske sipelsop en de salade.

Gerd en Jolanda litte harren dûnskeunsten ek noch oan Reitse sjen. Gerd fynt it geweldich dat Jolanda al jierren mei sa'n soad entûsjasme les jouwt. ‘Dûnsje is passy en dat hat Jolanda neffens my foar har fak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)