Lekker ite mei Reitse fan 17 maart 2012

Gerlof wennet sûnt 2 jier yn it Thomashûs yn Jirnsum. It is in wenfoarm foar acht folwoeksen bewenners mei in festânlike beheining. Neffens Gerlof's mem Jantsje hat hy it dêr tige nei syn sin en dêrom wolle se tegearre mei Reitse itensiede foar soarchûndernimmers Marleen en Bernard.
Jantsje en har famylje komme in pear kear per wike op besite yn Jirnsum. Se kinne altyd delkomme. “It is krekt oft je by Gerlof op besite komme, lykas wennet er selsstannich”, fertelt Jantsje.

Marleen en Bernhard binne sûnt 2 jier ûndernimmers fan it Thomashûs. Se wenje der tegearre mei harren twa dochters en binne der 24 oere per dei mei dwaande. It stel hat der bewust foar keazen foar dizze wize fan ûndernimmen en se binne der passionearre mei dwaande. Reden genôch om se ris te bedjerren, fynt Gerlof.

Dit programma is earder útstjoerd op 17 septimber 2011.

Klik hjir foar it resept

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)