Lekker ite mei Reitse fan 15 septimber 2012

Klik hjir foar it resept

TV-kok Reitse ferrast Friezen mei syn kulinêre keunsten

Yn de twadde ôflevering fan ‘Lekker ite mei Reitse’ sil de Fryske sjefkok nei Ternaard. Reitse sil der itensiede mei Harry. Dy wol syn healbroerke Wolter graach ferrasse mei in hearlik miel.

Wolter (15) is noch jong mar hat foar syn leeftiid al in protte meimakke. Syn heit en mem binne, doe’t Wolter noch lyts wie, ferstoarn. Dêrnei hat Wolter by in soad pleechgesinnen wenne. Sûnt de ôfrûne krystdagen wennet er wer by syn ‘broer’ Harry. Mei help fan Reitse wol Harry graach oan syn broer blike litte dat hy der tige wiis mei is.

Yn Ternaard helje Reitse en Harry earst in rollade by de slachter. Wêrnei't se itensiede yn de Waard van Ternaard. ‘Nei in drege tiid foar Wolter hoopje ik him op dizze wize te ferwennen. Dat hat er fertsjinne’, fertelt Harry.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)