Lekker ite mei Reitse fan 13 oktober 2012

Klik hjir foar it resept

Yn ôflevering 6 van Lekker ite mei Reitse sil ús Fryske sjefkok nei Koarnjum. Dêr wennet Pytsje en dy wol Beeke graach ferasse. Beeke hat Pytsje in soad leard op it mêd van biljerten.
Tegearre mei Reitse wol Pytsje graach in hearlik miel klearmeitsje. Pytsje is foarsitter van de frouljusbiljertklub ‘de Stoaten’. Sy wol Beeke graach bedanke foar alle lessen dy't sy als klub krigen ha fan Beeke. Reitse wit wol ried mei Beeke. San topfrijwilliger fertjinnet fansels in moai stik fleis. Reitse sil dêrfoar del by syn âld-klasgenoat Bertus yn Easthim. Die is boer en hat noch wol in moai stik fleis foar him.
Beeke lit Reitse yn dizze ôflevering sjen hoe'st biljerte moast. Tegearre mei ‘de Stoaten’ krijt Reitse les fan de master sels. Pytsje fynt it geweldicht dat Beeke altiid klear stiet foar de klub. ‘Neat is Beeke tefolle. As hy ien helpe kin dat docht hy dat’

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)