Lekker ite mei Reitse fan 10 maart 2012

Yn de earste ôflevering giet de Fryske sjef tegearre mei Ric en Fokje asperzje stekken yn Jobbegea. Dizze farsk stutsen 'jonges' wurde noch deselde dei omtsjoend ta twa fantastyske gerjochten om sa Marjon en Gerben fan De Jouwer te oerdonderjen.

Neffens Ric en Fokje is it de heechste tiid om dit stel yn 'e watten te lizzen. “Sy sette harren altyd yn foar oare minsken en dan bynammen foar de slachtoffers yn Haïty”, fertelt Fokje.

Nei in besite oan it lân yn 2008 is Marjon sa rekke dat se in fûns oprjochte. Mei it jild dat binnenkomt bouwe se ûnder oare skoalen en wetterfoarsjennings foar de minsken dêr. “En dat hurde wurkjen mei no wol ris beleanne wurde”, sa seit Fokje.

Dit programma is earder útstjoerd op 10 septimber 2011

Klik hjir foar it resept

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)