In Kryst fol Koper fan 26 desimber 2011

Mei de krystdagen stjoert Omrop Fryslân it sfearfolle krystkonsert ‘In Kryst fol Koper’ út op radio en televyzje. Brassband De Bazuin fan Oentsjerk, ûnder lieding fan Klaas van der Woude, brocht dat konsert op 10 desimber yn de Grutte Tsjerke fan Harns.

Sjongers Oedo Kuipers en Fardau van der Woude trede as solisten op yn ûnder oare ‘O Holy Night’ en ‘Santa Claus is coming to town’. Noch in soliste is de 17-jierrige pianiste Valentina Tóth. Sy spilet ûnder oaren it ‘Allegro’ út de Sonate yn Bes fan Wolfgang Amadeus Mozart. Brassband De Bazuin komt dêrneist ek noch mei in wrâldprimeur; de muzyk út de film ‘The Polar Express’. Fansels ûntbrekt it mienskiplik sjongen ek net, mei begelieding fan Melchert van der Zwaag op it prachtige Hinsz-oargel fan de tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)