Koperkanaal FM fan 31 augustus 2014 06:00

  • Spiler wurdt laden
  • De Cory Band ûnder lieding fan Philip Harper.

Yn de Harmony yn Ljouwert hat sneon it earste fan twa Nederlânske konserten west fan de wrâldferneamde Cory Band út Ingelân, ûnder lieding fan Philip Harper. Oant 2011 sette it muzikale seizoen altyd útein mei it Holland Brass Festival. Brass On Stage wol dizze tradysje no nij libben yn blaze. Dêrby is njonken Eindhoven ek keazen foar in konsert yn Ljouwert, omdat der yn Fryslân in protte leafhawwers wenje. De Cory Band hat ferline jier ûnder lieding fan Philip Harper it Nasjonaal Kampioenskip fan Ingelân wûn en stiet bekend as in fernijende band mei bysûndere konserten, programma's, CD's en gearwurkingen mei komponisten.

Omrop Fryslân hat sneon yn de Harmonie opnames makke fan de wrâldferneamde band. Dy sille de kommende moannen te hearren wurde op it digitale kanaal Koperkanaal.nl, mar it folsleine konsert is ek online te hearren.

Harkje nei it konsert fan de Cory Band û.l.f. Philip Harper yn de Harmonie fan Ljouwert

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)