Konsertkonkoers OMF

  • Excelsior yn aksje op it konsertkonkoers

Sneon 9 novimber live te beharkjen fia ynternet

It konsertkonkoers fan de OMF yn de Lawei yn Drachten is op sneon 9 novimber live te hearren by Omrop Fryslân. De ynternetstjoerder Omroplive.nl is dan wer in poadium foar HaFaBra-muzyk, muzyk fan Harmony, Fanfare en Brassband orkesten.

Fan 10:55 oere ôf kin thús live meiharke wurde nei it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân). Der binne gjin bylden by it konkoers te sjen op Omroplive.nl. Oan it konsertkonkoers dogge 15 HaFaBra orkesten mei dy’t útkomme yn de 5e, 4e, 3e en 2e divyzje.

Alle orkesten spylje as ynspulwurk in koraal of koraalbewurking. Dy ynspulwurken binne de kommende tiid te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM dat sneins tusken 06:00 en 08:00 oere op Omrop Fryslân Radio útstjoerd wurdt. Omrop Fryslân makket de hiele dei opnamen fan it konkoers. Alle opnamen binne letter werom te hearren op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl fan Omrop Fryslân.

Konsertkonkoers op sneon 9 novimber
Fan 10:55 oere oant likernôch 22:00 oere live te beharkjen fia www.omropfryslan.nl/live/konsertkonkoers.
Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)