Konsertkonkoers

    Op sneon 2 maart is Omroplive.nl it poadium foar HaFaBra-muzyk. Fan 11:00 oere ôf kin thús live meiharke wurde nei it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân). Tolve muzykferienings út Fryslân en twa út Grins stride dy dei yn ‘De Lawei’ yn Drachten om de heechste punten. Der is muzyk te hearren fan sân brassbands, seis fanfare orkesten en ien harmony orkest. Oer de hiele dei sille mear as 450 muzikanten yn fiif divyzjes op it konsertpoadium stean.

    By it konsertkonkoers binne gjin bylden te sjen, mar de muzyk klinkt dêrtroch miskien wol nammerste moaier. Alle opnamen binne letter werom te hearren op de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl en yn it radioprogramma Muzyk Maskelyn. De koralen binne op sneintemoarns werom te hearren yn it radioprogramma Koperkanaal FM tusken 06:00 en 08:00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer it konsertkonkoers ek op www.omfryslan.nl.

    Trailer konsertkonkoers

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)