Klipkar+ fan 9 maart 2013

Dizze wike sjogge wy yn Klipkar+ by Mindrazor út Drachten. Yn 1987 krige dy band it stimpel ‘bêste Rap-act fan Fryslân’ troch Stichting Friesland Pop. De mannen hawwe in skoft net mear dwaande west mei rap, mar sy binne no wer aktyf en hawwe sels harren earste klip klear fan it nûmer ‘Aint going out like that’. De polysje wie spitigernôch wol nedich om it ynterview ta in goed ein te bringen...

Yn de radiostudio by Noardewyn is Sido Martens te gast, hy hat yn de Nederpopband ‘Fungus’ spile. Dy band is bekend fan it nûmer ‘Kaap’ren Varen. Sido Martens is in feteraan en hat in nije CD en boek mei de titel ‘Wankelmoed’. De titel docht tinken dat er noch hieltyd net wis fan de saak is. Oft dat ek sa is, sjogge jo sneon yn Klipkar+.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)