Klipkar+ fan 9 febrewaris 2013

In baby yn Klipkar+?

Sneon is Klipkar+ der wer. Wy sjogge by Stanton, dizze band is faak te finen op in poadium yn Fryslân. Sy hawwe in klip makke fan it nûmer ‘Mitchell’. De band stie earder al yn it foarprogramma fan Peter Pan Speedrock, Direct en Kane. Ek stienen sy al op it poadium fan Oerrock.
De frou fan de bassist is útrekkene op de dei fan de opnamen. Oft de poppe ek komt, dat is de fraach. Wy sette yn alle gefallen in ekstra kamera op de kreamkeamer, foar it gefal dat.

By Noardewyn binne Berber, Nina en Sanna fan teatergroep ‘De Groeten’. Sy fertelle oer harren nije programma en spylje live. En kinst wer stimme op twa nije Fryske klips!

Klipkar+, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)