Klipkar+ fan 8 desimber 2012

    De Fryske Top 100 komt der wer oan en dêrom stiet Klipkar+ yn it teken fan de Fryske muzyk. Wim Brons sjocht by Jeroen Baba Wijnand, hy kaam binnen mei syn ‘Frije Friezen’ yn de Fryske Top100. Jeroen treed op ûnder de namme Baba Live en hat yn oare Fryske punkbandsjes spile lykas 'Fan Batsum' en 'Wartall'.
    By Noardewyn is De Kast te gast, dy stie mei mear as fiif nûmers yn de Fryske Top 100 fan 2011. De band hat in nij album opnaam ‘Dreamflecht yn de tiid’, mei âlde hits yn in nije útfiering en in oantal nije nûmers. Fierders binne der dizze wike ek wer twa Fryske klips dêr’tst op stimme kinst.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)