Klipkar+ fan 3 novimber 2012

Dizze wike giet Klipkar+ op poppeslok by Femke de Walle. Sy is no net allinnich in moai frommes, mar ek in moaie mem fan in twilling! Brecht Wassenaar nimt de taken fan Femke yn Klipkar+ oer no’t Femke kreamferlof hat. Brecht hat gjin bern, mar miskien wurdt sy wol op ideeën brocht yn dizze earste ôflevering...

By it radioprogramma Noardewyn is de Hûnekop te gast, want dy hat in coverwedstriid útskreaun. De winner is in frou. It is wol hiel oars om de teksten fan sjonger Emiel mei in frouljusstim te hearren.

Douwe Talma giet nei It Amelân, op besite by de band Abnormaal. Sy hawwe in protestliet en fideoklip makke oer de krisis. En hokker klip hat yn de lêste ôflevering de measte stimmen krigen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)