Klipkar+ fan 28 jannewaris 2012

Jelle B yn Klipkar+
 
Dizze wike siket Klipkar+ Jelle B fan Dokkum op foar in petearke. Jelle hat nammentlik in geweldige nije klip by syn single “de Pionier”. Jelle B is bekend om syn reade jaske, dat er by elk optreden oan hat. Dat jaske hat er efteroer drukt by in muzykkorps yn Dokkum. Sneon sil er yn Klipkar+ syn ekskús meitsje by de foarsitter fan it korps foar dy asosjale stellerij. Klipkar sjocht ek yn Eastenryk, want dêr treed Jelle B ek in soad op yn de snie.
By Noardewyn is de Ljouwerter Klezmer band Di Gojim. Sy hawwe in nije dvd en cd. Se sjonge ek noch yn it Frysk!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)