Klipkar+ fan 26 novimber 2011

Femke is by Linde Nijland want dy hat in nij album en dvd útbrocht fan har reis nei Boetaan. Underweis hat sy my ferskate muzikanten spile en it ek noch opnaam op film.
Dizze wike wie Douwe Talma by de ‘Passengers’. Dy band spilet op it nije festival ‘Explore the North’ yn Ljouwert. Dat festival rjochtet him op it Noardlike gefoel mei muzyk en literatuer. It programma rjochtet him op muzyk, literatuer en poëzy om skriuwers en muzikanten hinne, dy’t woartele binne yn de noardlike kultuer.

Yn de Noardewyn radiostudio is it Country project fan Klaske Ferwerda, mei sjongtalint út Noard East Fryslân. Yn Klipkar+ ek wer in nije klip. Dat is dit kear ‘Oktoberlân’ fan Gurbe Douwstra.

Klipkar+, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)