Klipkar+ fan 26 jannewaris 2013

  • Janice

Yn klipkar+ sjocht Douwe Talma by Janice, want sy hat in nije klip. Dizze Janice hat wol in moaie laits, mar is net fan it ferske ‘I Love your smile’ út de jierren ‘90. It is in nij projekt fan Janneke Brakels, dy’t bekend is as winner fan it Fryske sjongfestival ‘Liet’. Janneke gong ek nei Liet Ynternasjonaal. Sy hat krekt in nije klip lansearre ûnder de namme ‘Janice’. Ferslachjouwer Douwe Talma makket Metal en giet by Janneke op sjongles.

By Noardewyn is de Metallica-coverband Damaged Justice. De band hat wol besocht om eigen nûmers te spyljen, mar dat wie gjin súkses. It is dan miskien net sa orizjineel, mar it is ek in kwaliteit om yn te sjen wat je goede en minne kanten binne.

Femke de Walle is by de opnamen fan de nijste fideoklip fan Johannes Rypma. Der wurdt in Nederlânske én in Fryske ferzje makke fan de single en de klip!

Fierders kin der stimd wurde op in hous-nûmer fan Vince Michaels en Klipkar+ draait de nije klip fan Janice.

Klipkar+, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)