Klipkar+ fan 25 febrewaris 2012

Sneon is Klipkar+ der wer en dan sjogge wy by de Frysk Grinzer kombinaasje Flux. De reden hjirfoar is in bysûnder ferske, neamd ‘Chocola’. Wy fan Klipkar+ dogge in ‘Chocolade’ (sûkelarje) test by Flux om te sjen oft se wol witte wêr’t sy it oer hawwe. Yn de Noardewyn radiostudio is oertrûbadoer Doede Veeman mei syn band RemoliNo; wrâldmuzyk op syn Frysk. Ek draaie wy de nije klip fan Stilton. In nije band mei âlde bekenden lykas Menno Bakker fan de band ‘Kobus gaat naar Appelscha’, in band út de Fryske Bries-poptiid yn de jierren ‘80.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)