Klipkar+ fan 24 novimber 2012

  • Klipkar+

Dizze wike sjocht Douwe Talma by Sundelay. De band hat in EP makke mei de titel ‘Unravel’. Sundelay hat ek in moaie klip makke by it nûmer ‘Right here’. It rint yn de klip net goed ôf my de sjongeres en sy hawwe dan no ek in nije sjongeres yn de band. Yn de Noardewyn radiostudio binne de ekstreem jonge artysten fan ‘Straight on Stage’. Sy spylje rockabilly en covers oeral yn de provinsje en sy kenne harren klassikers. De band spilet foar Klipkar+ in nûmer live. Sy binne wol abnormaal jong foar al dy muzykkennis. Binne it heechbegaafde muzykmantsjes?

Presintatrise Brecht Wassenaar sjocht by de Frysk Volendamske folkpopband ‘Alasca’. De band komt krekt werom fan in toer yn Italië en freed 23 novimber steane sy yn Poppoadium Romein yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)