Klipkar+ fan 21 jannewaris 2012

Yn dizze twadde ôflevering fan Klipkar+ sjocht Femke de Walle by de betinkers fan in Fryske Bluesrockjûn op De Westereen. Douwe Talma is yn Nijmegen by de Fryske band Skarl, want dy meitsje fan it suden út Frysktalige muzyk en ha sûnt in pear moanne wer in nei album opnaam.

Yn de Noardewyn radiostudio is de band Spijcker. Sy hawwe in Frysk ferske út in iepenloftspul fan Dronryp dat populêr wurdt. Dat nûmer wurdt spile. En Klipkar+ hat de TV premjêre fan de nije klip fan de Pioneers of Love, earder winner fan de Fryske Pop Priis foar bêste fideoklip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)