Klipkar+ fan 2 febrewaris 2013

  • Martin Korthuis en band

Kryptyske teksten yn Klipkar+

Yn dizze ôflevering sjocht Klipkar+ by de Ljouwerter raphelden RB en BA. Sy skoarden yn ien dei 15.000 Youtube-hits. Harren hobby is op strjitte om doarmje en ast de fideo sjochst, bestiet der in wrâld dy’t net by elkenien bekend is. Ferslachjouwer Douwe Talma sil besykje te efterheljen wat de raphelden bedoele mei de kriptyske teksten lykas “ho aan mijn ballen en money aan mijn hoofd”. Ek komt Douwe der efter wêrom’t de rapper dy’t dit rapt ‘Rolo’ neamd wurdt op strjitte.

By Noardewyn binne Martin Korthuis en syn band fan Skiermûntseach yn ‘e studio. Martin sjongt hiele oare teksten en hat in nij album makke mei de titel ‘Geluk’.

Klipkar+, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)