Klipkar+ fan 19 jannewaris 2013

Yn dizze Klipkar+ sjocht Douwe Talma by Viraldo.
Hy komt fan Brazilië en siet fan syn twadde libbensjier ôf yn in weeshûs. Hy is doe adoptearre en nei Fryslân ta kaam. Viraldo makket R&B-eftige soulpop en is gek op monopoalje, skake en ‘kickdammen’.

By Noardewyn yn de radiostudio is de band Yellowhouse 21. De band hat de ‘Kleine prijs van Fryslân’ wûn en komt mei in CD. De bandleden hawwe de nûmers skreaun yn Ierlân en dat is te hearren.

Femke de Walle is ek wer op ‘en paad en de sjoggers kinne stimme op de nije klip fan Piter Wilkens en de Bazuin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)