Klipkar+ fan 18 febrewaris 2012

Yn dizze Klipkar+ sjocht Douwe Talma by de band Jetz. Sy hawwe in klip makke dy’t al in pear wiken de measte stimmen kriget by Klipkar. Wy hiene noch nea earder heard fan dizze Nederpopband en sy hawwe it nûmer ‘Voor degene’ opnaam foar it goeie doel. Meastal mislearje hitpogings fan ûnbekende bands foar it goeie doel, mar by Klipkar+ is dat hiel oars, fansels troch ús geweldige demokratyske stimsysteem.

By Noardewyn is de Fryske band Ljoubjr. Sy binne noch net sa lang in band, want Eelke Wiegersma en Hedser Jan Tijstma diene it altyd my har twaen. Dêrtroch klonk it altyd hiel sober. Mar no’t sy yn de Noardewyn radiostudio harren Celtfolk mei band begeliede, klinkt it hiel ferrassend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)