Klipkar+ fan 17 novimber 2012

It is Snitswike by Klipkar +. Dizze wike sjocht Douwe Talma by de Snitser band Mundo Park, se hawwe in goeie namme yn de poppoadiumwrâld en knalle hurd troch mei goeie poplieten. We draaie harren nije klip en meitsje kennis mei dizze nije pophelden.

By Noardewyn is ek in band út Snits: DeFries. Dy band bestiet al hast krekt sa lang as de wetterpoarte fan Snits en se hawwe no pas in cd opnommen mei de titel No Fries.

Kinst dizze wike ek stimme op de nijste klip fan de Hûnekop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)