Klipkar+ fan 16 maart 2013

Dizze sneon alwer de lêste ôflevering fan Klipkar+ foar de simmer. Dizze wike sjocht Douwe Talma by De Kast. De band hat in nije cd makke en ek in klip. De mannen hawwe mei de hjoeddeiske ynsichten harren âlde hits op ‘e nij opnaam. De Kast is ien fan de pear bands dy’t lanlik echt grut wurden is mei it sjongen yn it Frysk. Yn 1997 stienen sy hast op ien my harren grutste hit ‘In nije dei’. Mar de muzykwrâld is feroare. Is it neffens de band noch mooglik sa’n soad sukses te hawwen as Fryske band? Of kin it noch folle grutter en ynternasjonaler as De Kast ea wie?

By Noardewyn is de Frysk-Grinzer band ‘Sprokkelhout’ te gast. In alternatyf bandsje dat al op it Noorderslag poadium stie en op Simmerdeis festival yn Drachten.

Femke de Walle sjocht by de organisaasje fan de 058 Popbattle fan de NHL.
En Klipkar+ hat de nije klip fan Laurens van der Meulen: ‘Wolkenkrabber.

Klipkar+, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
Klipkar+

Klipkar+

Klipkar+ wie it fideoklipprogramma fan Omrop Fryslân. Alle wiken koest stimme op trije fideoklips mei Fryske roots. Sjoch no ek op www.klipkar.tv foar 24 oeren deis Fryske Klips!
(advertinsje)