Klipkar+ fan 16 febrewaris 2013

Sneon wer in nije ôflevering fan Klipkar+. Wy sjogge by it leukste alternative bandsje fan de lêste tiid fan De Jouwer: Brückenbauer. De band is oprjochte yn 2011 en hat yn 2012 harren earste miny-EP opnaam mei Phill Mills. Ien fan de ferskes is ek brûkt by it begjinfilmke fan it Skûtsjesjoernaal fan Omrop Fryslân. Ek wie de band al te gast by 3FM en de VRPO.

Yn de Noardewyn radiostudio binne twa studinten fan de popakademy te gast. Marcel Straat en Esther Postma spylje ûnder de namme Calgary Woods en meitsje sfearyske folkpop. Oft sy ek út De Wâlden (de ‘woods’) komme, is noch even de fraach, mar harren muzyk mei der wêze.
En presintatrise Femke de Walle sjocht by de headliner fan Pôlepop: Mooi Wark.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)