Klipkar+ fan 15 desimber 2012

Dizze ôflevering fan Klipkar+ stiet wer yn it teken fan de Fryske Top 100; dy komt hieltyd tichteby. Brecht hat in ynterview mei Nynke Laverman op Schiphol. Sy komt krekt werom fan opnamen yn Madrid dêr’t sy mei de Spaanske Javier Limón oan har nije album ‘Alter’ wurke hat. Har duet mei Jack Poels fan Rowwen Hèze stiet ek al jierren yn de Fryske Top 100.

Wim Brons is op besite by Gedobr. Dy stie yn de Top 100 fan 2011 op nûmer 28 mei harren nûmer oer it buske fan de baas. Klipkar+ socht út hoe’t it nûmer ûntstien is en sjocht by de hearen yn de studio.

Yn de Noardewyn radiostudio is Marius de Boer te gast. Hy hat in nij album klear mei de titel ’De Nacht wachtet’ en spilet foar ús in tal nije nûmers. Marius wie de sjonger fan Reboelje en hat jierren op ien stien mei it nûmer ‘Marije Maria’. Hy sit no yn de produktive flow en makket it iene nei it oare ferske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)