Klipkar+ fan 12 jannewaris 2013

Yn de earste Klipkar+ fan it jier is Femke de Walle werom! Sy giet nei Iris Kroes ta, want dy nimt in Fryske singel op yn Akkrum.

Wy sjogge ek by de band ‘The Cool Quest’. Dy hat syn earste fideoklip makke en de bandleden wienen op de radio by Noardewyn, SlamFM en oare lanlike stasjons. De band makket swingende hiphopjazz en stie earder al op it Freeze Festival en spile foar Serious Request fan 3FM.

By Noardewyn is Sipke de Boer te gast. Hy hat in album makke en hy spilet foar ús syn nije single dêr’t er ek krekt mei yn de Fryske Top100 bedarre is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)