Klipkar+ fan 1 desimber 2012

De Fryske Top 100 komt der wer oan en Klipkar+ stiet yn it teken fan dizze Frysktalige hitlist. Wim Brons giet op besite by Judith Fledderus en Bruno Rummler. Sy wienen de heechste nije binnenkommer yn 2011 my harren duet ‘Sulveren snie’, it harkersliet fan 2011. Wat dogge Judith en Bruno op ‘t heden?

By Radio Froskepôle spylje Anneke Douma en Johan Keus in stik út de foarstelling ‘Anneke sjongt Blues!’. Fierders kinst stimme op Wibo Smits syn ‘Reade wyn’, bekend fan it iepenloftspul yn Jorwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)