Kampioenskip fluchdamjen

  • Damjen

Mei de live útstjoering fan it Fluchdamkampioenskip Frysk Damjen op ynternet hie Omrop Fryslân ferline jier in dûbele primeur. En dit jier dogge de Omrop en it Dambûn Frysk Spul it wer! Foar de twadde kear wurdt in damwedstriid Frysk Damjen rjochtstreeks útstjoerd op Omroplive.nl. Dêrneist wurdt foar de twadde kear yn Nederlân in damwedstriid live fan kommentaar foarsjoen. Klaas Jansma sil ek dit jier by it kampioenskip Fluchdamjen Frysk Damjen rjochtstreeks ferslach dwaan.

By it Frysk damjen wurdt der skean, rjochtút en oerdwers slein (oer alles), by it ‘gewoane’ damjen slacht men allinne skean (oer hoeks). Trochdat it Fryske spul mear farianten jout om te slaan, sit der yn it algemien mear aksje yn it damjen. Dat is fansels yn dit kampioenskip fluchdamjen noch mear it gefal, want elke spiler hat foar de hiele partij mar tsien minuten tinktiid en dat wylst Klaas Jansma live kommentaar jout. It Fluchdamkampioenskip Frysk Damjen yn Blauhús is freed 1 maart live te besjen fan 19:30 oere ôf. Sjoch foar mear ynformaasje oer spilers en twa muzikale gasten ek op www.friesdammen.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)