K-rûte op Oerol fan 21 juny 2013

K-rûte op Oerol
Krekt lykas alle jierren dogge we no ek wer op televyzje ferslach fan it Oerolfestival op Skylge. Fan moandei 17 juny oant en mei sneon 22 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.

Hjoed yn K-rûte op Oerol:

Akteur Lourens van den Akker spilet op Oerol yn de foarstelling 'Heimwee naar Hurdegaryp' fan Tryater. Wy fregen him nei hokker foarstelling op Oerol hy graach ta woe. Hy keas foar de foarstelling 'Crash' fan it Noord Nederlands Toneel mei Club Guy en Roni út Grins. Acht minsken oerlibje in auto-ûngelok en beseffe dat se nei de klap in twadde kâns krigen hawwe. Crash is in wylde mjuks fan B-film horror, cartoonhumor, fisike kreukelsônes en psychyske fangrails.

Alex Roeka
'De Kleine Blonde van het ijs' is in ferske fan Alex Roeka dat wy al jierren by Omrop Fryslân draaie. Roeka stiet dit jier op Oerol. Reden genôch om yn 'e kunde te kommen mei dy eigensinnige muzikant en performer en te ûntdekken wat syn relaasje mei Achlum is.

Omrop Fryslân Radio op Oerol. Fan moandei oant en mei freed in bydrage fan René Koster yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)