K-rûte op Oerol fan 20 juny 2013

K-rûte op Oerol
Krekt lykas alle jierren dogge we no ek wer op televyzje ferslach fan it Oerolfestival op Skylge. Fan moandei 17 juny oant en mei sneon 22 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.

Hjoed yn K-rûte op Oerol:

Akteur Mads Wittermans spilet in rol yn de foarstelling Ruilen fan de Peergroup út Drinte. It is in lokaasjefoarstelling dêr't jild net yn bestiet en minsken inoar wer rjocht yn 'e eagen sjen kinne.

Ekspedysje
Dit jier kinst op Oerol ek wer op ekspedysje, op 'e fyts by ferskate projekten en ynstallaaasjes del. In protte fan dy ynstallaasjes hawwe te krijen mei it tema Sense of Place. Wy seagen by Expeditie Pannenland en praten dêroer mei Bruno Doedens fan SLEM. En Joop Mulder fan Oerol leit út wat krek syn doel is mei it tema Sense op Place.

Omrop Fryslân Radio op Oerol. Fan moandei oant en mei freed in bydrage fan René Koster yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)