K-rûte op Oerol fan 19 juny 2013

  • Dette Glashouwer

K-rûte op Oerol
Krekt lykas alle jierren dogge we no ek wer op televyzje ferslach fan it Oerolfestival op Skylge. Fan moandei 17 juny oant en mei sneon 22 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.

Hjoed yn K-rûte op Oerol:

Teatermakker Dette Glashouwer hat jierrenlang op Oerol west mei har teatergroep Suver Nuver. Suver Nuver bestiet net mear. Glashouwer is no op Oerol mei in solofoarstelling en dy giet oer jild: Moneymoneymoney. In hilarysk, stoer en kwetsber ferhaal oer har persoanlike syktocht yn de wrâld fan it jild en de alternativen. Albert Jensma gong nei de foarstelling en prate mei har.

Het Houten Huis is sûnt 1 jannewaris 2013 it nije jeugdteaterselskip fan it Noarden. Se hawwe harren fêstige yn Grins en meitsje byldzjend muzykteater. Herman Zijlstra gong nei de foarstelling Droogland en prate mei artistyk lieder Elien van den Hoek om út te finen wat wy de kommende tiid fan harren ferwachtsje kinne.

Omrop Fryslân Radio op Oerol. Fan moandei oant en mei freed in bydrage fan René Koster yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)