K-rûte op Oerol fan 18 juny 2012

Hjoed yn K-rûte  op Oerol sjogge we hoe hoe Albert Jensma ôfrûne sneon op paad west hat mei ekolooch en fûgelman Theunis Piersma en keunstner Thijs van Vure. Sy ha tegearre it earste Oerol kolleezje jûn. In gearwurking tusken de Waddenacademie en Oerol wêrby wittenskip en keunst mekoar moetsje. Thijs van Vure syn foarstelling hjit 'What it is like to be a bird'. Van Vure is ek biolooch en besiket der achter te kommen of je as minsk it libben fan in fûgel ek begripe kinne.
 
Fierder in reportaazje oer de foarstelling fan Tryater 'Hjir!'. In byldzjende foarstelling dy't op it eilân makke is. De rezjy is fan âld Suver Nuver spiler Henk Zwart. Hjoed yn Omrop Fryslân Radio op Oerol: Oerolradio wurdt dit jier makke troch Karen Bies. Sy giet nei foarstellings, moetet artysten, skriuwers en besikers en docht ferslach. Yn Omnium hâldt Karen in Oerol-deiboekje by (alle dagen om 11.30 oere) en yn Omrop Fryslân Aktueel kinne jo reportaazjes hearre oer foarstellings. Moandei: Skeylja, in klanklânskip oer Iislân, mei muzyk, film en gedichten.
 
K-rûte op Oerol
Krekt as alle jierren dogge we op telefyzje ferslach fan it Oerol festival op Skylge. Fan moandei 18 juny oant en mei sneon 23 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstelings. Presintatoren Annet Huisman en Albert Jensma binne alle dagen op 'en paad mei in gast en sjogge nei nijsgjirrige foarstellings. Albert sil as earste mei Theunis Piersma op paad. Piersma is ekolooch en sil in kolleezje jaan yn gearwurking mei keunstner Thijs van Vuure. Op tiisdei sjogge we hoe Annet in jûn op 'en paad west hat mei Teaterdirekteur Stef Avezaat. Oare gasten yn 'e rin fan 'e wike binne aktrise Margje Wittermans en twa jonge akteurs fan jeugdteater 'n Meeuw. Ek sjogge we by it Frysk teater selskip Tryater dy' t mei in nije foarstelling “Hjir!” op Oerol stiet. En we meitsje in reportaazje oer de gidsrûe. Jaeike Stienstra fan Skylge sil mei in groep besikers nei in tal foarstellings, mar lit dizze minsken ek bisûndere plakjes fan it eilân sjen.
 
Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in Oerol audio-deiboekje fan Karen Bies yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Oeroldeiboek fan 18 juny 2012

Oerol Skeylja

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)