K-rûte op Oerol fan 17 juny 2013

  • Echoland

K-rûte op Oerol
Lykas oare jierren dogge wy ek no wer op televyzje ferslach fan it Oerolfestival op Skylge. Fan moandei 17 juny oant en mei sneon 22 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.

Yn de earste 'K-rûte op Oerol in reportaazje oer Oeds Westerhof. Hy is direkteur fan Kulturele Haadstêd 2018. Earder wie er ynterim-direkteur fan Oerol. Albert Jensma trof him op Oerol en prate mei him oer de relaasje tusken Oerol en Kulturele Haadstêd 2018.

Fryske bands op Oerol
Der binne dit jier aardich wat Fryske bands en muzikanten op Oerol. Sa iepene Nynke Laverman mei it Broken Brass Ensemble it festival en is der in gearwurking mei Friesland Pop. Foar it tredde jier stean acts út it Talentstage-projekt fan Friesland Pop op Oerol. Fjouwer Fryske bands út it projekt spylje dit jier op Oerol. Ronnie Porte seach by de Ljouwerter band Echoland en prate mei mei de baas fan Friesland Pop Sjouke Nauta.

Omrop Fryslân radio op Oerol. Fan moandei oant en mei freed in bydrage fan René Koster yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)