K-rûte fan woansdei 1 maaie

De natuer yn bylden fan Hans Jouta

Yn it wurk fan byldhouwer Hans Jouta (1966) fan Ferwert kinne jo dúdlik sjen dat hy wat hat mei de natuer. En dan yn it bysûnder mei bisten út syn eigen omjouwing. De metaaldraaierij fan syn heit en it lânskip oan de Waadkust, dêr't er opgroeide, binne fan grutte ynfloed op syn kreative loopbaan. Metaal en brûns binne de materialen dy’t Jouta brûkt.
Yn Fryslân steane in oantal iepenbiere keunstwurken, dy't hy in opdracht makke hat. Bygelyks it byld fan keatser Hotze Schuil, it monumint foar Marianne Vaatstra en de fiskersfrou by Moddergat. Snein is it byld fan de trije maratonriders yn Earnewâld ûntbleate, en op it stuit is syn wurk te sjen by Atelier Ton ter Linden op De Feanhoop: yn 'e tún en yn de galery.

Showkorpsen yn aksje

Yn de K-rûte omtinken foar de oefeningen fan de grutste showkorpsen fan it Noarden. Op sneon 27 april wie yn it Cambuur stadion in treffen fan de sân bêste korpsen as tarieding op it Wereld Muziek Concours fan Kerkrade yn july.
De bedoeling wie om inoar te beoardieljen en tips te jaan oer hoe't it nòch better kin. Advendo Sneek, it Pasveerkorps út Ljouwert, Showband Marum, Takostu Stiens, Jong Advendo Sneek, Crescendo út De Pein en DINDUA fan Oldekerk joegen acte de présence.
It evenemint, mei de namme 'Take One', luts in protte leafhawwers. In moaie gelegenheid foar dielnimmers en belangstellenden om alfêst 'in the mood' te kommen.

De snobbersguodwinkel fan Kamila Szejnoch

Yn Beetstersweach útfanhûzet de Poalske keunstneresse Kamila Szejnoch. Sy is artyst in residence yn keunsthûs Syb – dat wol sizze dat sy in pear moannen yn dat hûs wennet en wurket. Mei har keunst stelt sy harsels altyd deselde fraach: hoe kin ik in nije betsjutting jaan oan it ferline fan it plak dêr’t ik bin. Yn Beetstersweach besiket sy dat te dwaan mei it ferline fan keunsthûs Syb. Dat wie earder in snobbersguodwinkel.
Kamila Szejnoch studearre oan de Academy of Fine Arts yn Warsjau en studearre ek yn Enschede. Sy reizget de wrâld oer om diel te nimmen oan ferskate artist in residence projekten. Oant 7 maaie is it wurk fan Szejnoch te sjen yn keunsthûs Syb yn Beetstersweach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)