K-rûte fan 9 jannewaris 2013

  • 80 jier waadfiskerij

Yn dizze K-rûte:

* Tentoanstelling 80 jier Waadfiskerij
* Ambachtsfolk en ûntwerpers wurkje gear yn Feanhuzen
* Nijjiersrevu yn Koatstertille

Waadfiskerij.
Oant 24 maart is yn it Hannemahûs yn Harns de tentoanstelling '80 jier fiskerij yn Harns' te sjen. Op sa'n 150 foto's wurdt in byld jûn fan de fiskerij yn it ferline en hjoed-de-dei. Oanlieding is it 80-jierrich bestean fan de fiskersferiening 'Ons Belang'. Yn it jubileumboek wurde in tal famyljes sintraal steld. Wy diene in slach oer de tentoanstelling mei Pier Attema, dy't nei it sluten fan de Ofslútdyk as earste op garnalen begûn te fisken en syn pakesizzer Simon Koornstra, dy't noch altyd it Waad opgiet.

Hannes Scherjon.
In pear wike lyn kamen yn it Drintske Feanhuzen in pear ambachtslju en produktûntwerpers bymekoar om te praten en de wurkjen. Ut Letlân, Grikelân, Bulgarije, Spanje, Portugal en Nederlân kamen se. Ien fan de dielnimmers oan dizze bysûndere moeting wie klompmakker en keunstner Hannes Scherjon fan Noardburgum. It doel wie om it tradisjonele ambachtswurk fan har âlde imago ôf te krijen en sjen te litten dat mei help fan ambachtlike techniken en materialen der wis moaie en oansprekkende “hjoeddeiske” dingen makke wurde kinne. Achterlizzende gedachte is dat âlde ambachten driigje te ferdwinen wylst dat hielendal net nedich is. Je moatte der dan wol keunstners en foarmjouwers by belûke. Want ek foar ûntwerpers fan no, is it belangryk dat kennis oer âlde techniken bewarre bliuwt.

Tolerant nei Trettjin.
Foar de de 17e kear wurdt yn Koatstertille in nijjiersrevu opfierd. Eartiids wiene der rûnom yn Fryslân toanielselskippen dy't oan it begjin fan it jier harren fyzje op it ôfrûne en kommende jier joegen. En dan mei in kwinkslach, want mei wat humor kinne ferfelende kwestjes wer wat lucht krije. Allinnich op 'e Jouwer en op 'e Tille dogge se it noch. It liket dat it sjenre gjin lang libben mear gund is. Dieuwke Kroese gie nei “Tolerant nei Trettjin” yn Koatstertille. It stik is makke troch fjouwer spilers fan de earste oere en giet der benammen oer dat minsken mekoar wat mear romte gunne moatte soene. Sa spilet der yn it echt op it doarp in ferfelende kwestje tusken de tennisferiening en de Jeu de Boulesferiening. De revuspilers hawwe der wol in miening oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)