K-rûte fan 7 novimber 2012

  • soldaat van oranje

Don Quijote de la Mancha

It wrâldferneamde boek fan Miguel Cervantes foarmt de basis fan de nijste produksje fan opretteselskip Les Rigolaux. Artistyk lieder Martine Hilarides makke in bewurking fan it klassike ferhaal fan Don Quijote de la Mancha.
Se betocht der in nije namme foar. Net in opera, net in operette, net is musical, mar in musirette. De premjêre is op 9 novimber yn it Posthuis theater op It Hearrenfean. Dêrnei is de foarstelling noch te sjen yn teater Snits op 19 jannewaris.

www.lesrigolaux.nl

De Zuipkeet
Joop Wittermans fierde ferline jier syn fjirtichjierrich jubileum as akteur.
Dochter Margje en soan Mads hawwe heit neifolge, beide keazen se ek foar it poadium en spylje yn eigen produksjes. Ferline jier lykwols, spilen Joop en Margje de rollen fan heit en dochter yn "In het hart" in foarstelling dy't ek op Oerol stie.
No binne se lang om let alle trij ferienige yn ien stik, dat spesjaal foar de famylje Wittermans skreaun is. De zuipkeet is it famyljedrama fan in heit, soan en dochter, dy't wrakselje mei de drank.
Premjêre op 10 novimber yn de Lawei yn Drachten.

www.zuipkeet.nl

NNO en Soldaat van Oranje

Eerst wie der it boek, doe de film, doe de musical en dy draait nei twa jier noch altyd folle bak yn de TheaterHangaar by Katwijk. Soldaat van Oranje is in sterk ferhaal. De musical wurdt rûme as ien fan de bêste yn it sjenre. It leafst hiene se der in folslein symfonyorkest by hân, mar dat is fansels net te beteljen.
Musikaal lieder Jan Tekstra betocht in programma mei fjouwer solisten en it Noord Nederlands Orkest. Janneke Brakels fan Deinum is ien fan dy fjouwer. Oare solisten binne Angela Groothuizen, Charley Luske en Joost Marsman.
Foar it NNO is dit ien fan de bysûndere konserten om it 150-jierrich jubileum te fieren.

www.nno.nu

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)