K-rûte fan 7 maart 2012

Sietze Bouma
Foar Sietze Bouma (1987) út Huzum ( Ljouwert) is muzyk meitsje in twadde natoer. Net sa frjemd want hy hat it fan hûs út meikrigen. Syn beide âlders wiene muzykdosint, dus it koe ek hast net oars as Sietze moast ek de muzyk yn. Op syn tolfde krige er in gitaar en dy hat er sûnt dy tiid net wer delsetten. It al mar studearjen op syn solderkeamer hat him al hiel wat oplevere. Hy spile yn foarprogramma's fan bands as Leaf, Kubus & Bang Bang, Osdorp Posse, Djiggy Dje en tegearre mei Harry Sacksioni. Op dit stuit wennet Sietze yn Amsterdam en kiest er mei folle oertsjûging foar syn eigen wurk en foar syn band de Spotrockers. Yn july 2011 kaam syn earste solo album 'Strings 'n Air' út. Ofrûne freed wie er eefkes werom yn Ljouwert en giene we mei him nei in optreden yn poppodium Romein en kafee Scooters.
 
Theo Smedes
Toanielselskip Halbertsma bestiet 140 jier. Yn 1872 (!) spilen se dus al toaniel yn Wergea.
Op 't heden hat it doarp ien fan de aktyfste amateurtoanielselskippen fan Fryslân. Dat, se litte dizze kâns net foarbygean en pakke grut út mei: Moulin Rouge. In remake fan de werveljende film út 2001, dy't mar leafst acht Oscar nominaasjes ûntfong. Plak fan aksje, de Paryske nachtklup oan 'e ein fan de 18e ieu. Theo Smedes bewurke de film foar toaniel. Oan him en de hiele ploech de opjefte om in film dy't eins ien grutte fideoklip is boeiend te meitsjen en te hâlden. De film is fral bekend troch it gebrûk fan popferskes. Yn Wergea binne der nûmers fan De Kast en Twarres ynslûpt.
 
Christien Meindertsma
Untwerpster Christien Meindertsma hat mei de ambachtsminsken fan de firma Roosje yn Hylpen in nije draai jûn oan de Hylper meubel- en skilderkeunst. Mei respekt foar it âlde kaam der in nij ûntwerp fan stuollen, kasten ensafierder. Minder kleuren, mear styling en oare fersierings. De reaksjes binne, ek yn de museumwrâld, optein. De wurkpleats fan de bruorren Talman kin de fraach net oan, ek al binne de nije Hylper meubels net goedkeap.

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)