K-rûte fan 6 febrewaris 2013

Mirjam de With

In soad minsken wolle graach in rol yn in TV-searje of film. Mar leafst 400 jongeren melden harren oan foar in rol yn ‘De keet’, de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. Ofrûne wykein mochten mear as 90 jonge akteurs audysje dwaan. It idee fan De Keet is fan regisseur Mirjam de With, de jonge Friezinne dy't tige suksesfol is yn de Nederlânske filmwrâld. Sy makke in pear koarte films mei bern, lykas ‘Mina Moes’ en de ’Ein fan de wrâld’. Ferline wike wie op Nederlân 2 in koarte film fan har te sjen yn de rige ‘One Night stand’ dêr't jonge filmmakkers de kâns krije om in film te meitsjen.

Fryske Dichters

It Frysk literêr tydskrift Ensafh hold op de Nasjonale Gedichtedei op 31 jannewaris in gedichtejûn yn Snits. Elk dy't dichtet en foarlêst wie wolkom. Der hawwe harren úteinlik 45 dichters opjûn. Neffens Piter Boersma, dichter en redaksjelid by Ensafh, kinne dichters harren publyk yn dizze tiid it bêst berikke fia foardrachten op it poadium. Boeken mei poëzy ferkeapje hast net mear. Dus hat it Frysk tydskrift yn it ramt fan Nasjonale Gedichtedei in grutte gedichtejûn yn in kafee yn Snits organisearre, as in oade oan de poëzy. It tema wie dit jier muzyk. De dichters en foarlêzers krigen allegear 15 euro en omdat foarlêzen toarstich makket allegear twa konsumpsjes fergees.

Sido Martens

Sido Martens presintearre op 1 febrewaris syn nije cd Wankelmoed. De nije lietsjes binne opnommen yn syn konsertcamper, dy't no efkes tsjinst die as mobile studio. Wêr’t de camper him mar hinne brocht, dêr waarden de lieten opnommen. Sjochst him sitten. De wyn skuort om de camper en reinwetter kletteret op it dak. De keunstner konsintrearret him op it liet. Stim en gitaar, mear net. Rûch en skerp, mar dimmen tagelyk. En dan sa, omdat it sa fielde doe, dêr op dat plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)