K-rûte fan 5 juny 2013

Heimwee naar Hurdegaryp.
Ien kear yn de safolle tiid lit Tryater sjen hokker stikken sy foar it kommende seizoen yn tarieding hat. Ien fan dy stikken is Heimwee naar Hurdegaryp. Tryater sil it foar it earst op Oerol spylje.
De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan aaisykje en sleatsjespringe/fierljeppe, beltsjedrukke, in ferske fan BZN... In minske hat syn oantinkens net foar it útkiezen. Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn 1990.
Heimwee naar Hurdegaryp hellet in ferline útinoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen. Sy riuwe ferhalen oan elkoar oant sy fernimme dat harren plaat heakket. Binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? Bin ik feroare, of is de wrâld om my hinne feroare?
In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn troch elkoar rinne. Assosjatyf en byldzjend.

140 jier Hindoestaanske ymmigraasje.
Op 5 juny 2013 is it 140 jier ferlyn dat de earste Hindoestaanske kontraktarbeiders nei Suriname giene. Sy kamen út Yndia en waarden nei Suriname brocht om der op de plantaazjes fan de Nederlanners te wurkjen. De skiednis fan de Surinaamske Hindoestanen begjint dan ek op 5 juny 1873, doe’t de earste ymmigranten foet op Surinaamske boaiem setten. Op dit stuit wenje der sa'n 180.000 Surinaamske Hindoestanen yn Nederlân. De measten dêrfan kamen om 1975 hinne nei Nederlân en Fryslân doe't Suriname selsstannich waard. Yn Ljouwert wenje sa'n 2500 Hindoestaanske Surinamers. Dizze wike fiere sy feest. K-rûte sil der ek hinne.

Steve Vai en it NNO.
De Amerikaanske gitarist Steve Vai is in ikoan fan de ynternasjonale rockmuzyk. Ea begûn as begeliedingsgitarist fan Frank Zappa yn de jierren '80 en dêrnei as gitaarfirtuoas by hardrockband Whitesnake yn de jierren '90, ûntwikkele Vai himsels stadichoan mear as solo-artyst. Ferneamd om syn platen wêrop’t er flink eksperimintearret mei in grut ferskaat oan muzyksoarten.
De lêste 15 jier makket Vai ek komposysjes foar orkesten. Bysûnder is dat dizze wrâldartyst syn ambysjes op it mêd fan klassike muzyk etalearje kin by ús eigen Noord Nederlands Orkest. Dat orkest wurket al sûnt 2007 mei Vai gear en koartlyn spile Vai foar it earst mei dat orkest in tal spesjaal foar it NNO makke komposysjes live yn de Oosterpoort yn Grins. In barren dêr't net allinnich leafhawwers fan it NNO op ôf kamen, mar dêr’t ek in soad ynternasjonale fans fan de Amerikaanske gitarist út harren dak gienen. Douwe Talma wie der by en spruts yn in eksklusyf ynterview foar K-Rûte mei de gitaarfirtuoas.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)