K-rûte fan 5 desimber 2012

Rijk en Beroemd.
Hy is no noch net bekend by it grutte publyk, mar dat kin rap feroarje. Muzikant Tseard Nauta (1962) makke syn earste soloprogramma: Rijk en Beroemd. Nauta omskriuwt syn nije produksje as in lieteprogramma: in samling eigensinnige ferskes, allegear hiel tichtby it libben sels. Mar wol mei in bytsje humor, in knypeach, of op syn minst in ferrassende draai. De sjonger begeliedt himsels op piano en gitaar.
Tseard Nauta is yn de Fryske muzykwrâld gjin ûnbekende. Hy is mei-oprjochter fan de klezmerband Di-Goijm en joech as multy-ynstrumintalist in soad konserten. Mar hy komponearret en organisearret ek in soad. As studiomuzikant hat er op ferskate cd's meispile. No fynt er dat it tiid wurden is om te dwaan wat hy it leafst docht, lieten meitsje. “En dan lieten dy't al wol bestean, mar noch skreaun wurde moatte”, seit er sels. De K-rûte is by in foarstelling fan Tseard yn de tsjerke fan Wier.

Nederlânske Brassbandkampioenskippen.
By de Nederlânske Brassbandkampioenskippen, dy't freed 30 novimber en sneon 1 desimber yn de Martinihal yn Grins hâlden wurde, komme de echte toppers jûns yn aksje. Dan spilet de kampioensdivyzje. Fan de acht dielnimmers komme trije korpsen út Fryslân. De Wâldsang út Bûtenpost, Soli Brass út Ljouwert en De Bazuin út Oentsjerk. De sjuery sit efter in gerdyn en kin dus allinne mar de earen brûke om de winner te bepalen. Middeis wurdt de Fryske komponist Jan de Haan yn it sintsje set. Hy krijt dan de Buma Brass Award. Yn de K-rûte in ferslach fan dy útrikking en de striid yn de kampioensdivysje.

Yldau op Liet Ynternasjonaal.
Annet Huisman is dit wykein by Liet Ynternasjonaal yn Gijón (Spanje). Foar de K-rûte folget sy de band Yldau; de rockband om de sjongeressen Yldau Bijlsma en Yldau Hoekstra hinne. Sy wûnen op 5 maaie it Fryske Liet festival en meie dêrom útkomme foar Fryslân op Liet Ynternasjonaal. Dat ynternasjonale sjongfestival is bedoeld foar artysten dy't muzyk meitsje yn ien fan de Europeeske minderheidstalen. Der wurdt dus net yn it Ingels, Frânsk of Dútsk songen, mar wol yn talen as it Sami (Laps), Frysk, Gaelic, Oksitaansk Karelysk en Asturysk. Ferline jier wûn Fryslân foar it earst mei Janna Eijer fan Jobbegea dit festival, dat doe hâlden waard yn de Noard Italiaanske stêd Udine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)