K-rûte fan 4 april 2012

Yn dizze K-rûte:
* Jameimy, nij stik Klaasje Postma en Freark Smink
* Renaissance In het Noorden yn keunstûnderwiis
* Johannes Passion mei studinten Friese Poort
 
Jameimy
Klaasje Postma en haar man Freark Smink stean al jierren garant foar heechsteand teater, mar frjemd genôch amper tegearre. Foar harren sukses wie dat ek net neadich, want sawol Klaasje as Freark makken en spilen mei grut sukses harren eigen stikken. Freark bygelyks mei syn stik oer dûmny Zelle (2008) en Klaasje mei 'Rolling Home' (2004), oer it libben fan har mem. Beide stikken wienen eartiids mear as 100 kear te sjen en dat is foar Frysk teater in hiel protte. No is it alwer 2012 en sille Freark en Klaasje sûnt lange tiid wer ris tegearre op it poadium stean. Dizze wike giet de langferwachte opfolger fan Klaasje har stik 'Rolling Home' nammentlik yn premjêre. 'Jameimy' hjit it en giet nei it ferstjerren fan har mem, mear oer Klaasje sels. Oer har eigen plak yn 'e wrâld oangeande har man en bern no't se sels âlder wurdt.
 
Renaissance In Het Noorden
Sneon 31 maart is de iepening fan de keunstmanifestaasje Renaissance In Het Noorden. In manifestaasje dêr't de weromkeer fan it keunstfakûnderwiis ûnderstreke wurdt en dêr't technyk en it ambacht wer in grutte rol yn spylje mei. Dit smyt eksposysjes op fan figurative keunst op 16 ferskate lokaasjes yn de trije noardlike provinsjes. Eksposysjes dy't noch oant en mei 13 maaie te sjen binne. Dit alles is op inisjatyf fan de Klassieke Academie. Want dy wolle sjen litte dat kwaliteit en fakmansskip yn Grinslân, Drinte en Fryslân út kin. De Klassieke Academie is in partikuliere keunstoplieding yn Grins en bestiet no 5 jier. It is in oplieding dy't him folslein rjochtet op it ambacht en de technyk fan it meitsjen fan skilder- en byldzjende keunst. Dêrneist wol de oplieding har ûnderskiede troch keunstners de frijheid te jaan om te bepalen hoe't it ûnderwiis der krekt út sjen moat. Douwe Talma gie del by de Klassieke Academie yn Grins en wie benijd nei it hoe en werom efter dit inisjatyf.
www.derenaissanceinhetnoorden.nl en www.klassieke-academie.nl
 
Johannes Passion op Friese Poort
Op woansdei 28 maart waard op ROC De Friese Poort yn Ljouwert in koarte fersy van de Johannes Passion van Bach útfierd troch MBO-studinten. In inisjatyf fan minsken dy't it skande fine dat de jeugd fan tsjintwurdich sa min yn oanrekking komt mei klassike muzyk. Want dy muzyk, sizze se, is dochs de basis foar de hjoeddeistige muzyk. Oansteande ûnderwiisassistinten en sosjaal - en kultureel wurkers namen de gok: in koarte útfiering fan de Johannes Passy ûnder lieding fan dirigint Hoite Pruiksma en regisseur Gooitsen Eenling. Mei profesjonele musisy fan Bachorkest Concerto d'Ámsterdam en in profesjoneel koar fan de Nederlandse Bach Academie waard it in memorabel barren.
 

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)