K-rûte fan 31 oktober 2012

  • De Paupers spylje "De Lord".

Ljouwerter Skotsploech.

De Ljouwerter Skotsploech hat freed 26 oktober in feestlike premjêre yn gala, yn it Stadhouderlijk Hof. Oanlieding is de presintaasje fan in film dy't de folksdûnsers meitsje litten hawwe om it sjongspul "Fryske Trou" út 1919 yn in nij jaske te stekken.
"De Taal is it hiele Folk, It is de naesje sels!!" Mei dizze sin begjint it sjongspul.
It is nei de earste Wrâldoarloch skreaun troch Yme Schuitmaker om de trou fan Fryslân oan it Nederlânske regear te ûnderstreekjen. En it giet oer Fryske tradysjes.
De Ljouwerter Skotsploech hat in ferkoarte ferzje fan dit stik noch geregeld op it programma, want it is in grutte hit by it âldere publyk.
Op de premjêre fiert de ploech it stik foar it earst út yn kombinaasje mei de film.

www.ljouwerterskotsploech.nl

Media Art Festival Ljouwert 9 - 17 novimber

Ferline jier wiene se út de loft, de subsydzje wie stopset. Mar no is der wer in festival mediakeunst. Op in beskieden lokaasje, yn de designfabryk oan de Ampèrestrjitte yn Ljouwert, mar mei de fokus op jong talint.
De organisaasje moat antwurden fine op de folgjende fragen. Wat is it plak fan mediakeunst in dizze tiid, dy't domineard wurdt troch media en digitale techniken? En wat is de funksje fan in festival noch, no't alles oeral besjoen wurde kin?

www.mediaartfriesland.nl

"De Lord", fan De Paupers

Noch oant en mei 3 novimber spilet “De Lord” yn Warkum. In muzykteaterstik dat giet oer de delgong fan de Warkumer skipshelling De Hoop sa rûn 1900 en de eigener út dy tiid, de wat singeliere Evert Zwolsman. Zwolsman's hert lei net by de skipsbou en de helling mar by de muzyk. It is in foarstelling makke troch Stichting De Paupers, in groep keunstners en muzikanten út Warkum dy't faak mei maatskappij-krityske stikken komme.
“De Lord” is lykwols in histoarysk stik. Of dochs net? Inisjatyfnimmer en grutte man efter De Paupers Henk de Boer werkent in protte fan himself yn Evert Zwolsman, dy't doetiids yn Warkum ""De Lord", of "Lord Wanhoop" neamd waard.

www.depaupers.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)