K-rûte fan 30 jannewaris 2013

  • Gerrit Breteler

Yn dizze K-rûte:
* Gerrit Breteler oer syn nije stik "Krimp"
* VERS
* Social Sound

Breteler oer Krimp (op it plattelân)
Yn syn nije stik ‘Krimp’ makket Gerrit Breteler him drok oer de takomst fan Fryslân. Hy hat begrutsjen mei it leechrinnen fan de doarpen op it Fryske plattelân. De kroechteaterfoarstelling mei muzyk en skilderijen, spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haakma, is al 100 kear boekt en guon foarstellings binne al útferkocht. ‘Krimp’ is in foarstelling fol mei humor en tragyk en waard regissearre troch kabaretier Jan Jaap van der Wal. Arjen van der Grijn is de grimeur. K-rûte sil nei de foarstelling yn Suwâld ta en praat mei Breteler oer syn soarch om de takomst fan it plattelân.

It lûd fan protest
It nijste projekt fan keunstnerskollektyf VHDG hjit ‘Social Sound’. It giet oer de sosjale kontekst fan lûd en muzyk. In tentoanstelling yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is de kearn fan it projekt.
Nienke Jansen en Elke Uitentuis eksposearje dêr, mar harren doel is benammen om in beweging yn tinken yn gong te setten by de studinten fan de popakademy. De keunstners hawwe sammele hokker protesten der yn Ljouwert troch de tiid west hawwe en hokker lûd dêr te hearren wie. Sy ûndersochten mei de studinten dan ek harren polityk engaazjemint. Hawwe de studinten dat? It resultaat sil yn de publike romte fan Ljouwert te hearren wêze.

VERS
Fan muzykles stekt in bern mear op as fan allinnich in ynstrumint bespylje, of sjonge. It is foaral mei syn allen wille meitsje. Kees Romers wit der alles fan. Hy is koördinator pop en jazz oan it keunstesintrum Atrium yn Snits en jout dêrneist saksofoanles. Hy nimt Dieuwke Kroese mei om har sjen te litten hoe't it yn Snits brûst ûnder de jeugd. Op dit stuit binne mear as 300 kursisten hurd oan it repetearjen foar it VERS festival dat op 2 febrewaris plakfynt. Op seis ferskillende poadiums sil jong muzikaal talint sjen litte wêr't sy goed yn wurden binne. Dieuwke lit har ferrasse.

K-rûte, om 17:10 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)