K-rûte fan 3 oktober 2012

Liet Ynternasjonaal op it nije Saailân.
It wie fjouwer dagen feest op it plein. Freed 28 septimber wie it mânske poadium foar in seleksje bands fan Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderheidstalen.
Xera út Astûrje yn Spanje makket folkmuzyk mei tradisjonele ynstruminten, mar mikst dat mei elektroanika en digitale techniken. Yn 2010 waarden se twadde yn Lorient yn Frankryk en se binne no foar it earst yn Ljouwert.

www.xera.eu

KH2018
It bidboek is klear. Op basis fan dit plan kin Ljouwert útkeazen wurden om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. Arjen Goodijk wurket foar de stifting dy't dêr foar soargje moat. Hy leaut deryn. Sels al slagget it net, dat noch binne de plannen neffens him belangryk foar de takomst fan Fryslân. Goffe Jensma, heechleraar Frysk, wie earst frijwat skeptysk oer de plannen en ambysjes mar is no ek om. No noch efkes de 'striid' winne.

www.2018.nl

Wibren Altena
Bennie Huisman is al in tiidlang boeid troch it wurk fan foardrachtskeunstner Wibren Altena.
Hy spile al ris in foarstelling mei lieten fan dizze âld-Makkumer. "De ballade fan Langerhou" is wierskynlik wol de bekendste. En no hat Huisman in boek skreaun oer it libben en wurk fan de wat ferjitten performer. "Wibren Altena, in swalker yn de geast".

www.benniehuisman.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)